Drylts

Ga naar de inhoud

Hoofdmenu

Ferske

Us Drylts

Dêr 't de griene greiden blomkje
tusken Geeuw en Wymerts yn,
dêr leit jimmer 't âlde stedsje,
sa frij en rom yn sinneskyn.
Dêr 't it fé sa freedsum weidet
simmers oan 'e buorren ta.
Dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
Dêr 't wy as bern al boarte ha. (twaris)

Dêr 't twa tuorkes jin fan fierren
wize 't paad nei 't âlde plak.
Dêr 't de âlde Rat syn ramt jit
útstekt boppe mannich dak.
Dêr 't it gûlen fan de steamfluit
oeren fier fertelt yn 't rûn.
Dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
wy ha yn dy sa 'n freonskip fûn. (twaris)

Dêr 't de skippen en de boaten
farre tusken 't griene reid.
Dêr 't de dauwe simmerjûn sa
drôgjend oer de fjilden leit.
Dêr 't winters rêde skonken skreppe
op it spegelglêde iis,
dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
wy binne dochs mei dy sa wiis. (twaris)


Cornelis Schilstra

Het is op de melodie van "It Heitelân".


 
Terug naar de inhoud | Terug naar het hoofdmenu